It wurk fan'e duvel

Uitgeverij: Friese Pers/Noordboek
Uitvoering: Pocket
Taal: Nederlands
Aantal Pagina's: 360
Afmetingen: 140x210x32
Verschijningsdatum: Januari 2008
EAN: 9789033011122
Categorie:
Divers / Pockets
(Tijdelijk) uitverkocht

Samenvatting

It sil tsjin trijen west ha, doe kaam as ien fan 'e'lêsten in frou mei in lijerich bern op 'e earm yn 'e keamer. Eke hie sjoen hoe't se it herterke yn 't sydkeammerke it boarst jûn hie. It hie net güld. En doe't se it bern by Hartman op 'e tafel út 'e tekken tearde die bliken dat it de fuotsjes ferbaarnd hie. Ien en al fjurrich, wyld en ferswold fleis. Skriemerich fertelde de mem it ferhaal. 'It is myn ien en al. Wy hawwe fïif kear in Willem krige en dit is ús sechste. Om't it bern altyd sa kâld is ha ik gauris in balstientsje yn 't fjoer opwaarme en dat yn in tekkentsje berôle by him yn 'e widze lein. De lêste kears hat de stien te hyt west en is troch it tekkentsje hinne skroeid en doe hat er him de fuotsjes ferbaarnd.' Hartman ferbûn de fuotsjes mei in kald skrabsel fan rauwe ierappel, joech har kalkwetter mei om te waskjen en brânsalve fan baarnde alún, mongen mei levertraan en simmels. Hy joech har de opdracht it alle dagen te ferfarskjen. Oer twa wike moast se weromkomme om it wyld fleis mei helse stien fuortbaarne te litten. Hartman Lautenbach, wonderdokter yn 'e omkriten fan Kûkherne, is de haadpersoan fan It wurk fan 'e duvel. De oerwûne soan fan in Franse soldaat leart it lapsalvjen fan syn pake en is ferneamd om syn grutte krûdekennis. Mar Hartman is in bûtensteander op 'e heide: der geane praatsjes oer moarden en in frou dy't him ûteinliks fataal wurde. It wurk fan 'e duvel is in utsûnderlike roman yn it rike oeuvre fan Durk van der Ploeg. De roman ferskynde foar it earst yn it jier 2000 en it hat bliken dien dat in soad lêzers har geweldich oansprutsen fielden troch de folksaaardige en njoggentjinde ieuske sfear fan dit boek.   Tekst in Frysk